Ynstallateurs dei en nacht op 'en paad fanwege froast

01 mrt 2018 - 16:28

It kâlde waar fan de lêste dagen soarget net allinnich foar iiswille, mar ek foar ûngemak. Stikkene cv-tsjettels, beferzen wetterliedingen, waarmtepompen dy't stikken gean: foar ynstallaasjebedriuwen yn ús provinsje is it topdrokte. 

Hurde wyn

"Wy gean om acht oere iepen, en dan rinne de telefoantsjes daliks binnen", sa seit ynstallateur René Blom fan ynstallaasjebedriuw Damstra. Neffens him komt it foaral troch de hurde wyn dat in soad minsken problemen krije. "It is fansels hiel kâld en yn kombinaasje mei de wyn soarget dat foar problemen. Op dizze dagen ha myn kollega's en ik in soad te krijen mei beferzen wetterliedingen en de problemen dy't dat opsmyt." By Damstra hiene se nachts ek noch twa monteurs op 'en paad om steuringen te ferhelpen.

Utsûnderlik

Op himsels soene minsken wol maatregels nimme kinne tsjin dizze oerlêst seit Blom. "Mar it is de fraach oft dat wol nedich is. Dizze kjeld, yn kombinaasje mei de wyn, dat komt net sa faak foar. Miskien ien kear yn de fiif of tsien jier. Foar dy iene kear kinst dan better efkes mei ús belje. Dan stjoere wy Willem mei de wetterpomptange en komt alles ek wol wer goed."

Hast foarby

Sjoen de waarsfoarsizzingen is it de ferwachting dat de topdrokte by ynstallaasjebedriuwen noch heechút ien of twa dagen duorret.

(advertinsje)