Soad grypgefallen: MCL stelt operaasjes út

01 mrt 2018 - 16:17

Sikehûs MCL yn Ljouwert moat guon operaasjes en oare behannelingen útstelle fanwegen de gryp. Mear meiwurkers as gewoanwei melde harren dizze dagen siik, wêrtroch't behannelingen en operaasjes net trochgean kinne. It giet dan altyd om yngrepen wêrfan't it ferantwurde is dat dy útsteld wurde, seit in wurdfierder fan it MCL. Spoedeaskjende help giet altiten troch.

De grypgolf soarget boppedat foar mear opnamen yn it sikehûs. Dan giet it om pasjinten mei grypklachten, faak yn kombinaasje mei wat oars. Pasjinten kinne nei in behanneling ek net altiten thús of yn in ferpleechhûs te plak, want ek by de thússoarch en de ferpleech-  en fersoargingshuzen hawwe se lêst fan de gryp.

It MCL hat alle dagen oerlis mei de sikehuzen Nij Smellinghe yn Drachten, De Tsjongerskâns op It Hearrenfean en it Antoniussikehûs yn Snits oer it tal pasjinten en sike meiwurkers. As it moat, kinne pasjinten dy't net yn it MCL telâne kinne, yn ien fan de oare sikehuzen holpen wurde.

Trefwurden: 
MCL operaasjes gryp
(advertinsje)