Strange nachtfroast: brânwacht nimt ekstra maatregels

De brânwacht yn Fryslân nimt ekstra maatregels yn ferbân mei de strange nachtfroast. De lege temperatueren soargje derfoar dat it blussen fan in brân folle dreger wurde kin. Sa kin wetter yn in brânkraan of brânslang befrieze. Om't iepen wetter faak ek beferzen is, moat der wat oars betocht wurde. Dat kin in ekstra wetterwein wêze. Foar de brânwachtlju sels is it ek dreger om harren wurk te dwaan. Om't se mei wetter dwaande binne, kinne dielen fan it pak befrieze. Boppedat wurdt it sjippeglêd op it plak dêr't se dwaande binne. Ut beskerming wurde brânwachtlju no earder ôflost troch kollega's.
In foarbyld fan sa'n sitewaasje wie de brân fan de ôfrûne nacht yn Gersleat. Troch de froast wie der in tekoart oan bluswetter en moast der in ekstra wetterwein komme.