Spannende nachtlike rêdingsaksje by Skier yn barre kjeld

De frijwillige KNRM-rêders dy't woansdeitejûn by Skiermûntseach in fiskersskip yn need holpen hawwe, hiene bot lêst fan de kjeld. By it Westgat siet de Sâltkamper ZK80 oan de grûn. De hurde wyn soarge foar koarte, steile weagen oant 2 meter heech. Trije rêdingboaten fearen nei it skip ta om te helpen: dy fan Lauwerseach, dy fan Skylge en dy fan de Eemshaven.
Troch opspattend seewetter dat fuortendaliks befrear, wie it sjippeglêd sawol op de rêdingboaten as op it fiskersskip. Rutewiskers diene it net mear goed, de radar draaide hast net mear en de ruten frearen ticht. De rêdingboat fan Skylge is boppedat iepen, mar de manlju hiene harren goed klaaid op de kjeld.
Doe't de rêders by de kotter oankamen, is earst besocht it skip te slepen. Mar it tou kaam yn de skroef fan de rêdingsboat fan Lauwerseach. Mei de barre waarsomstannichheden tusken de ûndjiptes en de weagen fan 2 meter heech wiene dat spannende mominten. Op in stuit wie de wetterstân op de sânbank sa leech, dat slepe net mear koe. De fiskerlju moasten yn oerlibbingspakken en mei rêdingsfesten oan oerstappe op de iepen rêdingboat fan Skylge. Dy koe der noch wol by komme, de oaren net. Dêrnei gie it nei de haven ta. Gjinien hat wat oerhâlden oan it nachtlik aventoer op see.