Kriminaliteit nimt fierder ôf, yn Noarden minste misdriuwen

01 mrt 2018 - 15:41

Minsken binne hieltiten minder faak slachtoffer fan kriminaliteit. Dat docht bliken út sifers fan de plysje en it Centraal Bureau voor de Statistiek. Foar it ûndersyk is frege oft en hoe faak minsken slachtoffer wurden binne fan in misdriuw. De plysje levere de sifers oer misdriuwen dêr't oanjefte fan dien is. Neffens dy sifers is de kriminaliteit yn it Noarden de ôfrûne fiif jier mei in tredde part weromrûn. Yn de gemeente Ljouwerteradiel gie it tal misdriuwen sels mei de helte werom.

It tal misdriuwen is gemiddeld sjoen yn it Noarden it leechste fan hiel Nederlân. Yn de regio Amsterdam is it it slimste mei de kriminaliteit. 

(advertinsje)