Belangeklup hierders: "Ekstra ynvestearje yn hierwenten"

01 mrt 2018 - 14:12

Der moat en kin no ekstra ynvestearre wurde yn de kwaliteit fan hierwenten en it enerzjysunich meitsjen dêrfan. Dat fynt De Bewonersraad yn Ljouwert, dy't yn Fryslân opkomt foar hierdersbelangen. Neffens de Woonbond docht bliken út eigen, lanlik ûndersyk dat der flink winst makke wurdt op sosjale hierwenten. It bûn fynt dat dit jild ynset wurde moat foar in hierferleging fan 10 prosint.

Algemien direkteur Frank van den Broek fan De Bewonersraad seit dat soks gjin opsje is. "Het gaat om extra investeringsvermogen, omdat de waarde van het vastgoed is gestegen. Er kan dus gemakkelijker worden geleend en het is verstandig dat ook te doen voor woningverbetering." Troch bot te ynvestearjen yn enerzjymaatregels kin it totaalbedrach dat in hierder kwyt is oan de wenning neffens De Bewonersraad struktureel en duorsum nei ûnderen.

(advertinsje)