Eask: seis jier sel foar sjitpartij Damwâld

Fertochte sjitynsidint yn Damwâld oppakt © De Vries Media
De offisier fan justysje hat tongersdeitemiddei seis jier sel easke tsjin in 58-jierrige Damwâldster, dy't ferline jier in doarpsgenoat (68) delskeat. Dat sjitynsidint barde op 15 septimber, op in parkearplak by de Spar-supermerk yn it doarp. It slachtoffer woe yn syn auto stappe, mar waard doe besketten. Ien fan de kûgels rekke him yn 'e hals, dêr't er noch hieltyd lêst fan hat. De offisier fan justysje giet út fan besykjen ta moard. De rjochtbank yn Ljouwert docht op 15 maart útspraak.
Tritich jier freonen
De twa manlju koenen elkoar. Neffens de fertochte hawwe se tritich jier freonen west. Doe't it slachtoffer de eks-freondinne fan de skutter ûnderdak oanbea, kaam har relaasje op in djiptepunt. Op de dei fan de sjitpartij fytste de fertochte mei in pistoal yn syn bûse nei de supermerk yn Damwâld. Op it parkearplak soe hy twa kear sketten ha op it slachtoffer.
De 68-jierrige man rekke ferwûne. De fertochte waard letter troch in arrestaasjeteam oppakt. Tsjin de plysje hat de Damwâldster de earste twa moannen neat sein. Letter pas fertelle de skutter dat er him fan it sjitynsidint neat mear heuge kin. Neffens de offisier fan justysje is dat net wier, dy giet út fan besykjen ta moard.