Cambuur nei direkte konkurrint FC Oss

01 mrt 2018 - 13:20
  • Trainer René Hake
  • Martijn Barto

Cambuur spilet freed foar de kompetysje út by FC Oss. Oss is in direkte konkurrint foar de Ljouwerters. Sy hawwe twa punten mear as Cambuur. By winst gean de Ljouwerters dus oer de Brabanners hinne. "Het is een belangrijke wedstrijd", sa sei Cambuur-trainer René Hake. "FC Oss is een directe concurrent voor een play-offs plek. Als we daar weten te winnen, dan bewijzen we ons zelf een goede dienst.''

Hake feroaret hast neat oan de opstelling. Xander Houtkoop is tongersdei siik wurden en kin net spylje. Syn ferfanger is Martijn Barto. Fierder lit Hake de basis fan ferline wike yntakt. It liket der op dat it freed in kâld putsje wurdt yn Oss. De gefoelstemperatuer kin wol sakje nei sa'n 15 graden ûnder nul. Hake docht dêr net muoilik oer. "Het is zoals het is. Daar moet je niet over zeuren. We moeten gewoon voetballen.''

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)