Nije kuierrûte fan 165 kilometer troch de Fryske Wâlden

01 mrt 2018 - 13:04

Yn de Noardlike Fryske Wâlden rint in nije kuierrûte. De rûte is 165 kilometer lang en giet troch in tal natuergebieten fan It Fryske Gea en Natuurmonumenten, bygelyks De Alde Feanen en Swarte Broek by Oentsjerk. Jaap en Anneke Jongejan binne de inisjatyfnimmers fan it streekpaad. It is in paad mei in soad moaie ferhalen. Jaap Jongejan hat foarich jier de teksten skreaun. Dy bestean net allinne út gegevens oer it paad, mar bringe ek ekstra ynformaasje oer de streek en moaie ferhalen oer 'singuliere' typen, oftewol frjemde typen út de omjouwing.

"It ferhaal oer A. Rus fine wy it moaiste ferhaal. Dat giet oer in man dy't achterstefoaren op 'e fyts siet, yn syn ûnderbroek", fertelt Anneke Jongejan. De Jongejans koenen it gebiet aardich, mar hawwe dochs noch paden ûntdutsen dy't se net koenen. It kuierboekje dat by de rute heart, wurdt dit wykein presintearre op de kuier- en fytsbeurs.

(advertinsje)