IIsbulten op 'e dyk troch lekkaazje akwadukt Burgum

01 mrt 2018 - 12:38
  • IIs op 'e dyk akwadukt Burgum

Ferkear op de Sintrale As dat gebrûk makket fan it akwadukt by Burgum hat lêst fan bulten iis op de dyk. Der is lekkaazje yn it akwadukt, bynammen op de rydstrook yn de rjochting fan Dokkum. Yn beide rjochtingen is mar ien rydstrook beskikber en mei net hurder as 70 kilometer yn 'e oere riden wurde.

De lekkaazje waard tongersdeitemoarn om 7.00 oere hinne meld. De oarsaak is noch net bekend. In team fan saakkundigen is mei in ûndersyk dwaande. Wol is dúdlik dat de lekkaazje fan ûnderen ôf komt. 

 
(advertinsje)