Keunstners meitsje lûdskeunst foar Oerol op fûgeleilân Gryn

It lytse Waadeilantsje Gryn tusken Harns en Skylge hat dizze wike trije 'ambassadeurs' op it eilân hân. Yn 'e mande mei festival Oerol hawwe trije keunstners tastimming krige fan behearder Natuermonuminten om trije dagen op it fûgeleilân te ferbliuwen. Krekt omdat lang net elkenien dêr komme mei, siket de natuerbehearder nei foarmen wêrmei't minsken dochs wat fan it eilân belibje kinne.
Dêr soargje de keunstners foar troch in selsmakke ynstrumint, mei in haadrol foar lûden: in saneamd beaken. Mei help fan de lûden dy't it beaken opfangt, meitsje se úteinlik in keunstprojekt dat op Oerol te sjen en te hearren wêze sil. De keunstners binne ûnderwilens al wer ôfset fan it eilân.