Ferdûbeling tal sinnepanielen op dak melkfeehâlderijen

01 mrt 2018 - 12:13

It tal melkfeehâlders dat kiest foar sinnepanielen op it dak fan harren stâl groeit fan goed 300 nei mear as 650. Dêrmei ferdûbelet it tal sinnepanielen nei goed 800.000, meldt FrieslandCampina. It bedriuw GroenLeven op It Hearrenfean ynstallearret en eksploitearret de panielen.

De leden fan FrieslandCampina kinne harren stâldak ferhiere foar it pleatsen fan sinnepanielen. Boeren krije dêr in jierlikse fergoeding foar fan 4 euro it paniel. Yn septimber ferline jier waard it earste dak mei sinnepanielen pleatst yn Aldetrine.

(advertinsje)