IIs op de Waadsee: meardere ôffearten fearboaten ferfalle

01 mrt 2018 - 11:29

In tige lege wetterstân yn kombinaasje mei de iisgong makket dat de rederijen Doeksen en Wagenborg de ôffearttiden fan de fearboaten nei de Waadeilannen oanpast. De tiden fan de boaten fan en nei Skylge tongersdeitemiddei en tongersdeitejûn binne feroare. De sneltsjinst is tongersdei út de feart helle. Foar freed binne de tiden fan de feartsjinst ek oanpast en ferfalle alle ôffearten fan de sneltsjinst fan Harns nei Skylge en werom. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan Rederij Doeksen.

Foar reizgers fan en nei It Amelân ferfalle de ôffearten fan 13.00 oere (It Amelân) en dy fan 14.00 oere (Holwert). Wagenborg set dêrom op oare tiden wol twa ekstra ôffearten yn.

(advertinsje)