FNP wol ferkearsbuorden by basisskoalle yn Twizel

Kristlike basisskoalle De Oanrin yn Twizel
By kristlike basisskoalle De Oanrin yn Twizel moatte sa gau mooglik ferkearsbuorden pleatst wurde. Dat wol de fraksje fan de FNP yn Achtkarspelen. Alden hawwe earder yn in ûndersyk oanjûn, dat se har soargen meitsje oer de ferkearsfeiligens by de skoalle.
Der hat oerlis west mei de gemeente mei it fersyk om ferkearsbuorden te pleatsen. Neffens de FNP stean sokke buorden al by de skoallen yn de oare doarpen yn Achtkarspelen. De gemeente hat neffens de FNP lykwols oanjûn dat it te djoer is, om dy ek yn Twizel te pleatsen. De partij wol no witte hoe't dat kin.