Lemster frachtskip fêst yn it iis op it Markermeer

01 mrt 2018 - 11:08

In frachtskip út De Lemmer hat tongersdeitemoarn oardel oere fêstsitten yn it iis op it Markermeer. De skipper moast nei Amsterdam om dêr fracht wei te heljen. Hy hie net ferwachte dat it sa slim wêze soe mei de iisgong. It skip is losskuorre troch in sleepboat út Amsterdam. Dy sleept it dêr no hinne.

Neffens de skipper is it krekt foar Amsterdam 'bar en boos', mei it iis dat troch de wyn dy kant út skood is.

(advertinsje)