Kjeld soarget foar topdrokte by Fûgelhelling yn Oerterp

It is smoardrok by De Fûgelhelling yn Oerterp. It opfangsintrum krijt yn dizze tiid gewoanwei sa'n tsien bisten wyks binnen, no binne dat der tweintich deis. De drokte komt benammen trochdat de fûgels lêst hawwe fan de kjeld, seit Hetty Sinnema fan de biste-opfang. "Dêrtroch binne se minder skerp en 'oplettend' en it gefolch is noch alris in ûngemak." De fûgels nimme ek mear risiko troch bygelyks te ticht by it relatyf waarme asfalt te kommen.
Byfuorje
Dochs ropt Sinnema op de fûgels net te ferpopkjen, want dan leare se net om it eigen fretten te sykjen. "As se echt ferwûne binne, dan moatte wy se dêrby helpe. Mar yn alle oare gefallen is it ek gewoan sa as it heart te gean. It is natuer en it is kâld bûten. We kinne de bistjes wat byfuorje, mar we moatte net yn panyk reitsje." Neffens Sinnema is wat byfuorje yn de tún en op it balkon wol goed, mar rêde de measte fûgels har op it stuit noch wol. "As je byfuorje wolle, dan leaver mei wat weet (tarwe) of mais, as mei bôle, want dêr hawwe se folle mear oan."
Fêstferzen
Yn it gefal dat der bygelyks in ein fêstferzen is yn it iis, is it advys om de meiwurkers fan de diere-ambulânse te beljen, om de fûgel te rêden. "Dy binne der betûfter yn. Sa'n ein sit altyd yn de buert fan in wek en dêr is it iis minder. Ik soe samar net it iis op gean."