Huldiging Sjinkie Knegt freed yn Bantegea

01 mrt 2018 - 10:01

Reedrider Sjinkie Knegt wurdt freed huldige yn syn wenplak Bantegea. Knegt wûn op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä sulver op de 1500 meter shorttrack. In pear wiken dêrfoar helle er yn Dresden de Europeeske titel by it shorttrack.

Sjinkie Knegt rydt freedtejûn yn in crossauto Bantegea yn. Syn crossfreonen ride achter him oan, ek yn crossweinen. De huldiging is dêrnei by sosjaal kultureel sintrum De Pomp yn Bantegea.

(advertinsje)