Bestjoerder botst tsjin beam by Surhuzum

01 mrt 2018 - 08:35

Op de Suderheawei by Surhuzum is tongersdeitemoarn in bestjoerder mei syn auto tsjin in beam riden. De automobilist siet beknypt en koe net sels út de auto komme. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle.

Oer syn tastân is noch neat bekend. Hy is oerdroegen oan personiel fan de ambulânse. Ek waard in traumahelikopter oproppen.

Trefwurden: 
Surhuzum ûngelok auto
(advertinsje)