Supermerk Jumbo nije haadsponsor fan 'Team Oranje'
Supermerkketen Jumbo ferfangt Lotto as haadsponsor fan de Nederlânske reedryd- en hurdfytsploech. Jumbo hat in akkoart sletten foar in kontrakt fan minimaal fiif jier, fan 1 jannewaris 2019 ôf. Lotto makke woansdei bekend dat it nei fjouwer jier ophâldt as haadsponsor fan 'Team Oranje'. De reedrydploech behelle mei de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä fjouwer gouden medaljes op 'e langebaan. Twa dêrfan kamen op namme fan Kjeld Nuis, mar ek Sven Kramer en Carlijn Achtereekte stienen op it heechste poadiumplak.
''Het is in elk geval prettig dat we volle kracht vooruit kunnen'', seit coach Jac Orie, dy't ek direkteur fan de reedriders is. ''Ik waardeer het enorm dat Jumbo momenteel zijn nek uitsteekt, waardoor wij als schaatsploeg op onze olympische successen kunnen voortborduren.''