Kollum: ''Helden''

01 mrt 2018 - 07:15
  • De Toan fan Botte Jellema

''De fraach kaam de ôfrûne twa wiken hieltyd by my op: wêrom? Dat kaam troch de Olympyske Spelen; ik hie der echt gjin tiid foar troch in grut projekt, en sport ynteressearret my al hielendal net, dus waard ik der gek fan om oeral en nearne hieltyd wer dy sport yn myn snút te krijen.

Ik fyn it best knap hear, dat minsken sa hurd reedride kinne, of yn it algemien sa atletysk binne. Mar dan komme de 'helden'-ferhalen, de analyzen fan de 'kenners' op de radio en telefyzje, mei de mannen - meastal mannen - dy't fol bewûndering fertelle oer de oerwinning fan in reedrider, yn soms sokke romantyske wurden dat se hast triennen yn 'e eagen krije fan harren eigen ferhaal. Safolle derfoar jûn! Sa'n prestaasje! Sa'n oerwinning!

Dan tink ik: ja, moai, knap, mar it is wol in oerwinning op in probleem dat se sels keazen hawwe. Ik bedoel: it hoecht net, en as it net bart, feroaret der net safolle oan 'e wrâld. Ik soe it hiel grappich fine as der in sportferslachjouwer ris nei ôfrin fan in wedstriid op de winner ôfstapte, en him yn neifolging fan Ischa Meijer allinnich mar freegje soe: Why?

Dat freegje ik my wol faker ôf trouwens. Op it stuit wurdt der noch altyd slim fochten yn Syrië, foaral yn it easten fan Damascus, sa lês ik yn myn krante. De konflikten yn it Midden-Easten binne tige komplisearre, mar dit is hast echt net mear te folgjen. Yn it easten fan Damascus sit in groep 'rebellen', dy't dus neat ha moat fan it regear fan Asad en syn leger, dy't liearre binne oan Al Quaida, mar ha dêr in muoisume ferhâlding mei, dy't harren sels it Leger fan de Islam neame, jild skine te krijen fan Saoedi-Arabië, IS ferslein hawwe, hurde ekstremisten en aimabel selskip by ynternasjonale fredesûnderhandelingen binne. Sa skriuwt De Volkskrant.

Ek dêr freegje ik my ôf wêr it no eins om giet. Se hawwe in kânsleaze posysje, want feitlik hawwe se it Russyske leger tsjinoer harren. Dus ek dan, soe ien harren net ris de fraach stelle moatte 'Why?'. It is de fraach fan in bern - der skynt in leeftiid te wêzen wêrop bern einleas 'wêrom' freegje kinne. Wat se al of net troch hawwe, is dat it in tûke fraach is. Dus dan krigest wêrom - dêrom. Omdat ik it sis.

Ultym komst der ek net út. Ik bedoel, it is net in grutte stap fan freegje nei it wêrom fan reedrydwedstriden nei de fraach nei de sin fan it leven. Wêrom? Dochs is sa'n relativearring wolris sûn. Ik bedoel: dy rebellen yn it easten fan Damascus, freegje har ris nei it wêrom. Se sitte yn it Leger fan de Islam, dus harren antwurd sil wêze 'omdat God dat sa wol'. Grappich, dat tinkt de tsjinstanner ek. Dus, wêrom? 'Omdat dit in hillige striid is.' Falle wol in soad ûnskuldige slachtoffers by; miskien net sa hillich. Wêrom? 'Omdat God grut is.' Wêrom? Hokker probleem binnen jimme oan it oplossen? Wêrom? 'Omdat, godskes, DEROM!'.

Neat sa sûn as de fraach 'werom'. Der is in hiel fakgebiet omhinne boud, en dy hjit sjoernalistyk. Sjoernalistyk sûnder 'wêrom' is gjin sjoernalistyk. Besprekkingen fan nije auto's, telefoanen en berjochten oer Gordon en Enzo Knol binne gelyk oan berjochten oer sport: moai, mar freegje net wêrom. Dus wat docht dy sport dan hieltyd op myn sjoernalistike byldskerm, radio en yn myn krante?

Ik wol dit bêst ôfdwaan as in persoanlike ôfwiking, myn ôfkear fan sport yn it nijs. Mar ik fyn wol echt dat we wolris wat sekuerder wêze kinne yn wa't we helden neame. Mei alle respekt foar harren prestaasjes, wurd ik net echt waarm of kâld fan sporthelden. Sa't oaren net waarm of kâld wurde fan kolumnisten yn Fryslân fan 'e moarn.

Helden binne foar my de diplomaten dy't oarloggen foarkomme, dokters dy't bern genêze, fersoargers dy't folhâlde. Dy losse problemen op dy't se net sels feroarsake hawwe. Dêr soene miskien ris 'medal plaza's' en Holland Heineken Houses foar komme moatte.''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)