Troch snie fêst yn Súd-Frankryk: "Het is één grote chaos"

01 mrt 2018 - 06:36

Yn Súd-Frankryk binne grutte problemen op de sneldiken fanwegen de snie dy't dêr fallen is. Hûnderten minsken koenen net fierder reizgje en binne opfongen yn ûnder mear sporthallen. Ien fan har is Peter Nuninga fan Garyp. Yn it Spaanske Blanes hat er in hoareka-saak oernaam en op de weromreis nei Nederlân gie it mis.

''Het is één grote chaos'', fertelt Peter Nuninga. ''We waren onderweg vanaf Blanes, woensdagmiddag om drie uur waren we vertrokken. Maar al na twee uur stonden we vast. Het was allemaal volledig afgesloten. Auto's en vrachtwagens langs de weg, het stond helemaal vast.''

Sân oeren fêst

Sûnt woansdeitemiddei stiet Peter al yn de file. ''We hebben ongeveer zeven uur vastgestaan en we kregen geen informatie. Op een gegeven moment zagen het leger voorbijkomen, toen wisten we wel dat er serieus wat aan de hand was. Op den duur moesten we in colonne achter de politie aan. Zo kwamen we uiteindelijk in een sporthal. Het was erg koud, maar met de koffie en broodjes houden we het nog wel even vol.''

Wannear't er fierder ride kin, wit Nuninga noch net. ''Op de kaart was het nog allemaal rood, alles hier in Zuid-Frankrijk is dicht. Straks krijgen we bericht of we weer verder mogen rijden. Het is nog even afwachten.''

Trefwurden: 
Súd-Frankryk snie sneldyk
(advertinsje)