Pleats yn Gersleat ôfbrând, asbest frijkommen

01 mrt 2018 - 06:24

By in brân yn in pleats yn Gersleat is woansdeitenacht asbest frijkommen. De bewenner waard al gau yn feilichheid brocht, dêrnei sette de brânwacht yn op it rêden fan hynders en kij yn de stâl efter de pleats. 

It wie dreech om de brân út te krijen, troch de kjeld en de hurde wyn. Wetterputten wienen beferzen. Wetterweinen hawwe mear bluswetter brocht. Nei in oere hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle.

Asbest

Om de wenning hinne binne asbestdieltsjes oantroffen. In part fan de dyk by de pleats is dêrom ôfsletten. Hoelang't dat duorje sil, is noch net bekend.

(advertinsje)