Rêdingboat fart út foar fêstrûn fiskersskip Skiermûntseach

28 feb 2018 - 22:43

De rêdingboat fan Lauwerseach is oproppen foar in fiskersskip dat oan de grûn rûn is by Skiermûntseach. De ZK80 Liquenda is fêstrûn by it Westgat. De rêdingboat fan de Eemshaven is ek oproppen. 

Fanwege it iis set de KNRM âlde rêdingboaten yn. De haven leit fol mei iis en dat kinne de moderne boaten net hawwe. De âlde wol en dêrom is de Suzanna útfearn út de haven fan Lauwerseach wei.

(advertinsje)