Ploech fan Sven Kramer moat nije haadsponsor sykje

28 feb 2018 - 22:23

Reedriders Sven Kramer, Douwe de Vries en Yvonne Nauta en harren ploechmaten moatte op syk nei in nije haadsponsor. Lotto, de nammejouwer fan de ploech, hâldt op mei de sponsoring. De marketingdirekteur fan de Nederlânske lotterij seit dat syn organisaasje de wei frijmeitsje wol foar in nije haadsponsor. De nije haadsponsor sil ynkoarten bekend makke wurde.

"In de afgelopen vier jaar hebben we samen met het schaats- en wielerteam veel bereikt en een nieuw organisatiemodel neergezet voor de Nederlandse sport door twee disciplines te combineren. Dat is uniek en succesvol gebleken", seit de marketingdirekteur fan de Nederlânske lotterij. "Door terug te treden als hoofdsponsor geven we de ruimte aan een ander om onze rol over te nemen."

It team fan LottoNL-Jumbo wûn ûnder lieding fan coach Jac Orie op de Winterspelen yn Súd-Koreä fjouwer gouden medaljes.

(advertinsje)