Bûtenlânske keunstners wurkje yn Ljouwert oan serious games

28 feb 2018 - 22:19

By Grendel Games yn Ljouwert sille fan 't simmer trije bûtenlânske keunstners oan it wurk mei 'serious games'. Dat is woansdeitejûn bekend makke by Iepen Up live. Sy sille dan ek in game-jam organisearje dêr't ek Fryske game-saakkundigen oan meidwaan kinne. Zen Roorda fan it Ljouwerter keunstnerkollektyf 'Illustere Figuren' sil foar tsien dagen nei Servië. De útwikseling fan keunstners fynt plak yn it ramt fan Boderline Offensive, Dat is in ynternasjonaal keunstprojekt dat de flechtelingekrisis oan de kaak stelle wol mei help fan keunst en humor.

By Iepen Up live wiene woansdeitejûn keunstners te gast út Sweden, Servië, Bulgarije, Libanon en Nederlân om te praten oer hoe't humor de polarisaasje yn Europa lytser meitsje kin.

Trefwurden: 
Grendel Games
(advertinsje)