Brân yn Sumar, hok by hûs oan Lytse Buorren ôfbaarnd

Hok by wenhûs ôfbaarnd yn Sumar © De Vries Media
Yn Sumar is woandeitejûn in hok by in wenhûs folslein útbaarnd. De brânwacht krige tsjin njoggen oere in melding fan in wenningbrân oan de Lytse Buorren. It die bliken dat it net om it wenhûs gie, mar om it hok achter it hûs. Der kaam in soad reek frij by de brân. Foar safier bekend is gjinien ferwûne rekke. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.