It Amelân kin nei acht jier wer belslydjeie

28 feb 2018 - 21:50

It giet oan op It Amelân. No sneontemiddei sil dêr belslydjage wurde. It is foar it earst yn acht jier dat it wer heve sil. De ôfrûne dagen libbe it wol of net trochgean fan it belslydjeien bot op It Amelân. It is echt winter op it eilân. Der is dêr, lykas op de oare Waadeilannen, nammentlik folle mear snie fallen as op it grutste diel fan de fêste wâl. De fraach oft der wer belslydjage wurde koe, kaam dan ek fansels op by de Amelanners.

De organisaasje hâldt de waarsomstannichheden skerp yn 'e gaten. Freedtejûn wurdt nochris goed nei de foarsizzingen foar sneon sjoen en dan wurdt der definityf besletten oft it trochgean kin.

Trefwurden: 
It Amelân belslydjeien
(advertinsje)