FIDEO: "Het is zo vet. Suzanne staat zelfs op Dumpert."

28 feb 2018 - 21:40
  • Reportaazje oer de huldiging fan Suzanne Schulting

Suzanne Schulting is woansdeitejûn yn har âlde wenplak De Tynje huldige foar har prestaasjes by de Olympyske Spelen. Schulting wûn yn Pyeongchang goud op de 1.000 meter en brûns mei de ôflossingsploech. It wie de earste Nederlânske gouden medalje yn it shorttrack yn de histoarje. Schulting waard op it Pipegaelsplein yn it doarp tasprutsen en krige kado's. Nettsjinsteande dat it -8 graden wie, kamen hûnderten minsken ôf op de huldiging. Har twalingsuskes Jolien en Marieke stellen de show.

(advertinsje)