ZIENN makket nachtopfang yn Ljouwert soberder

De nachtopfang fan ZIENN foar dak- en thúsleazen yn Ljouwert wurdt fan no ôf in stik soberder. Sa krije de dakleazen tenei allinnich noch mar in basismiel oanbean besteande út sop en broadsjes en se meie net langer de hiele dei harren guod achterlitte yn de opfang. Doel fan de fersobering is foar te kommen dat de dakleazen te lang yn de nachtopfang bliuwe.
Offisjeel kinne se mar trije moannen bliuwe, mar op dit stuit komme guon der al jierren. Dat is neffens ZIENN net de bedoeling fan de opfang. It is eins allinnich bedoeld as needopfang. Minsken dy't der gebrûk fan meitsje wolle, moatte fan no ôf ek earst om tafel mei ZIENN om oer harren takomstplannen te praten.