Simon Schouten wint yn Haaksbergen, Bob de Vries bêste Fries

28 feb 2018 - 21:12
  • De finish fan de earste maraton op natueriis, yn Haaksbergen
  • Petear mei winner Simon Schouten
  • Petear mei nûmer trije Bob de Vries
  • Winnende coach Jillert Anema
  • Jorrit Bergsma

Simon Schouten út Andijk hat woansdei yn Haaksbergen de earste maraton op natueriis wûn. De sprinter fan de ploech fan coach Jillert Anema wûn de sprint fan in kopgroep mei alve man. Sjoerd den Hertog waard twadde. Bêste Fries wie Bob de Vries fan De Haule. De ploechgenoat fan Schouten waard tredde.

De 64 dielnimmers moasten hûndert rûntsjes ride, wylst earst 125 de bedoeling wie. Under oare Jorrit Bergsma, Bob de Vries en Crispijn Ariëns sieten yn de kopgroep. Tongersdei wurdt de twadde wedstriid op natueriis ferriden yn Arnhem.

Trefwurden: 
reedriden Jorrit Bergsma
(advertinsje)