UPDATE: Do leit strjitferljochting rûnom yn Fryslân lam

28 feb 2018 - 20:01

In do hat der woansdeitejûn foar soarge dat yn hiel Fryslân de strjitferljochting útfallen is. De do is in skeakelkast yn Aldehaske yn flein en hat dêr foar koartsluting soarge. Derby waard ek in skeakelder omsetten dy't it sinjaal trochset nei de iepenbiere ferljochting yn de folsleine provinsje.

Liander hat de skeakelkast jûns skjinmakke en de ferljochting wer oan setten. Om healwei njoggenen die de ferljochting it op de measte plakken yn Fryslân wer, seit in wurdfierder fan Liander.

Trefwurden: 
strjitferljochting
(advertinsje)