Manon Kamminga wint earste maraton op natueriis

28 feb 2018 - 19:44
  • Sjoch de folsleine maraton werom
  • Manon Kamminga bêste frou op earste natueriismaraton yn Haaksbergen
  • Winner Manon Kamminga
  • Harkje nei Elma de Vries

Manon Kamminga fan It Hearrrenfean hat woansdei yn Haaksbergen de earste maraton op natueriis wûn. Elma de Vries fan De Haule waard twadde en Beau Wagemakers út Hoogkarspel (NH) tredde. 

De wedstriid begûn mei 72 dielnimsters, mar der foelen geandewei de wedstriid hieltyd mear út. In groep fan tolve rydsters makke him op 25 rûntsjes foar de ein los fan it peloton. Op in stuit hiene se it peloton in rûntsje ynhelle. Yn de kopgroep sieten njonken oare rydsters ek de Friezinnen Merel Bosma fan It Hearrenfean en Chantal Hendriks fan It Hearrenfean. De einsprint waard úteinlik wûn troch Manon Kamminga.

Tongersdei wurdt de twadde wedstriid op natueriis ferriden yn Arnhem.

(advertinsje)