Brânwacht befrijt fêstferzen hynder út modderpoel

28 feb 2018 - 19:00
  • Brânwacht befrijt fêstferzen hynder út modderpoel

In hynder is woansdeitemiddei fêstferzen yn in modderpoel by Mildaam. De brânwacht hat it bist befrijd. It hynder stie yn in greide fier fan de bewenne wrâld. De brânwacht hie muoite om it bist los te krijen. It is noch net bekend hoe't it hynder der oan ta is.  Earder woansdei sakke in hynder by Akkrum troch it iis. Dat bist is mei de help fan in heftruck út it wetter tild en wer op it drûge set.

Op it Hasker Wiid by Aldehaske is woansdeitemiddei in persoan yn it wetter rekke. Meardere brânwachtweinen en dûkers waarden oproppen foar it ynsidint, mar by oankomst wie de persoan al út it wetter. It is noch net bekend wat der krekt bard is en hoe't it slachtoffer deroan ta is.

Trefwurden: 
hynder fêstferzen
(advertinsje)