Kâldste 28 febrewaris ea sûnt begjin temperatuermjitting

28 feb 2018 - 17:48

It hat sûnt it begjin fan de mjittingen noch nea sa kâld west op 28 febrewaris. Yn De Bilt waard it tiisdei op syn heechst -4,6 graden. It âlde rekôr wie -1,6. Dat waard metten yn 1904. Dat komt aardich oerien mei de Fryske sifers. Yn Ljouwert kaam de temperatuer tiisdei net boppe de -5 út.

De sifers litte wol sjen dat it ûngewoan is dat it sa kâld is oan de ein fan de winter, mar wat dat oanbelanget is it rekôr net ferbrutsen. Yn de Bilt is ea op 6 maart noch -4,8 graden metten. Dat wie yn de winter fan 1942.

Trefwurden: 
temperatuer
(advertinsje)