Jiske-auto op skoalle: bern krije les oer ôffal

28 feb 2018 - 17:43

Yn Smellingerlân begjint moandei in nij projekt om bern te learen wat der bart mei it ôffal dat se weismite. It is betocht yn gearwurking mei natuersintrum De Naturij en ynstitút foar natueredukaasje IVN Fryslân. Moandei is de earste les op iepenbiere skoalle De Finneblom yn Boarnburgum. Middeis komt der in jiske-auto by de skoalle, om bern sjen te litten wat bart mei it ôffal dat sy earder sels sammele hawwe. De sjauffeur lit dan sjen hoe't de auto wurket.

It ôffalprojekt heart by de oanpak yn Smellingerlân om minder blikjes en oar ôffal op strjitte te krijen. Alle learlingen fan de basisskoalle kinne meidwaan. Twa oare skoallen yn Drachten hawwe harren oant no ek opjûn. Yn it nije skoaljier kinne skoallen harren noch oanmelde by de Naturij.

Trefwurden: 
ôffal swalkôffal
(advertinsje)