Boufakkers klaaie har op kjeld

28 feb 2018 - 17:08

Boufakkers dy't bûtendoar wurkje, passe harren oan oan de kjeld. Fiif graden ûnder nul en in eastewyn, dan kinst dy der mar better goed op klaaie. Boufakkers hawwe ekstra waarme klean oan. En se nimme wat faker in bakje kofje. Yn de wyk de Wielepôle yn Ljouwert wurde 50 wenningen renovearre troch boubedriuw Dijkstra Draisma. Omdat se kant en kleare prefabgevels pleatse, kin it wurk dêr gewoan trochgean. Boppedat kinne de boufakkers sa no en dan ek binnendoar oan de slach. De útfierder dy't it projekt yn de Wielepôle liedt, hie tusken de middei in pear tsjettels mei snert regele foar de wurknimmers.

Mitselje kin net

Net al it wurk yn de bou kin trochgean. Mitselje is net mooglik mei temperatueren ûnder nul. As der in pak snie leit, is it ek net mooglik. In tal bouprojekten yn Fryslân leit dus stil. Mar froastferlet, de regeling dy't it mooglik makke dat boufakkers mei froast thúsbliuwe meie, bestiet net mear. It is de bedoeling dat oannimmers in eigen regeling betinke foar sokke omstannichheden. It kin dus wêze dat boufakkers simmerdeis ekstra oeren wurkje, sadat se yn de winter frij nimme kinne by froast.

Trefwurden: 
boufakkers froast
(advertinsje)