Romte foar nije bedriuwen op Flylân

28 feb 2018 - 16:39

Steatsboskbehear is fan doel om nije kavels út te jaan op it bedriuweterrein Oosterseveld op Flylân. Dat leit tusken de haven, de Havenweg en de dunen. De gemeenteried hat dêr moandei tastimming foar jûn. Betingst is wol dat de plannen yn it bestimmingsplan passe. Belangstellende ûndernimmers wurde oproppen om harren te melden. 

De grûn wurdt net ferkocht, mar yn erfpacht jûn. De kâns bestiet dat de fraach grutter is as it oanbod. Steatsboskbehear en de gemeente hawwe dêrom in proseduere ôfpraat. In beoardielingskommisje hifket de plannen en wiist de kavels ta oan dejingen dy't mei de bêste plannen komme. As de plannen lykweardich binne, folget in lotting. In notaris sil tasjen op it beoardielingsproses. Gadingmakkers kinne oer in pear wiken in ynformaasjepakket krije by de gemeente of by Steatsboskbehear.

Der binne al fyftich ûndernimmers op it bedriuweterrein. Dy krije in nij erfpachtkontrakt oanbean, mei deselde betingsten as de nije ûndernimmers. Doel is dat alle ûndernimmers dan op deselde wize beoardiele wurde.

Trefwurden: 
Flylân
(advertinsje)