Sloop Bornegogebou Wolvegea begjint gau

28 feb 2018 - 16:15

Yn Wolvegea wurdt nije wike begûn mei de sloop fan it âlde ûnderkommen fan it Bornego Kolleezje. Trije jier ferlyn is it gebou noch brûkt foar de opfang fan flechtlingen. Mei-inoar wennen der doe 24 húshâldingen út fjouwer ferskate lannen yn de âlde skoalle.

Yn novimber ferline jier binne de lêste flechtlingen fuortgien. Doe is ûndersocht oft it gebou in oare funksje krije koe, mar dêrfoar is de technyske steat te min. Dêrom hat de gemeente besletten dat de âld skoalle better tsjin de flakte kin  Foar de opfang fan de flechtlingen is it gebou noch oanpast en ferboud. Doe binne der ek nije sintrale-ferwaarmingstsjettels ynset. Dy wurde foar de sloop derút helle en opnij brûkt troch wenningstichting Weststellingwerf. It is de bedoeling dat op it plak fan de skoalle sosjale hierwenten komme. As de plannen konkreter binne, wurde dy oan de buertbewenners foarlein.

Trefwurden: 
Bornego Kolleezje Wolvegea
(advertinsje)