MadNes op It Amelân yn rekôrtiid útferkocht

It MadNes Festival © Symen Verbruggen
Festival MadNes op it Amelân hat noch net earder sa gau útferkocht west. Alle fiiftûzen kaarten binne yn trije wiken tiid oer de toanbank gien. It MadNes Festival is op 6, 7 en 8 july op it strân by Nes. It draait om sporten, kultuer en muzyk. Dielnimmers kinne surfen of skaten leare, mar se kin ek sjen nei dûns- of teäterfoarstellingen. Mei-inoar steane der 45 bands en dj's programmearre.
It is foar de 11de kear dat MadNes hâlden wurdt. De earste edysje begûn lyts, mei likernôch 500 besikers. No binne dat wol 5.000, omdat oerdeis ek toeristen en eilanners wolkom binne sûnder kaartsje.