Gefoelstemperatuer, wat hâldt it yn?

Wylst de termometer -4 oanjout, fielt it op 'e wyn woansdei as -15. It KNMI hat om dy reden koade giel ôfjûn. Yn de wyn fielt it faak kâlder oan as yn de lijte. Hoe komt dat en hoe mjit it KNMI dizze temperatuer?
Wat is gefoelstemperatuer?
De gefoelstemperatuer wurdt net metten, mar berekkene. Der kin gjin hurde wearde oan keppele wurde. It wurdt brûkt as warskôging om it risiko op letsel troch befriezing foar te kommen. Dat jildt foar minsken likegoed as foar bisten. Yn Nederlân wurdt derfan útgongen dat it waarmteferlies tanimt by in hegere wynkrêft.
Ferskillende metoaden om te mjitten
It KNMI makket gebrûk fan de saneamde Windchill-metoade. Dy metoade is betocht troch de Joint Action Group on Temperature Indices. De metoade wurdt dan ek wol JAG/IT-metoade neamd. It giet út fan in formule, dêr't wynsnelheid en de werklike temperatuer faktoaren yn binne. Hoe hurder oft it waait, hoe kâlder oft it oanfiele sil. Dêrom fielt in rit op 'e fyts dizze dagen kâlder oan as rinnen.
Earder waard de Steadman-metoade brûkt dy't derfan útgie hoefolle klean oft in minsk oan ha moat om gjin waarmte te ferliezen.
Warskôging
By bleatstelling oan in gefoelstemperatuer fan -15 kin nei in oere letsel ûntstean. Dêrom hat it KNMI yn gearwurking mei it ministearje fan Folkssûnens en Miljeu in protokol dat dan koade giel ôfjûn wurdt. By in temperatuer fan -20 wurdt it koade read ôfjûn. Sels mei grouwe winterklean is der dan kâns op befriezing.