Nije gruttere wettertaksy nei It Amelân is hast klear

De nije wettertaksy, dy't tusken Holwert en It Amelân farre moat, is hast klear. Freed wurdt de boat doopt. Dêrnei folget noch in ferskaat oan testen, mar ein maart wurdt er dan yn de feart naam.
Foar de werf dêr't de wettertaksy boud is, dy fan de bruorren Van Enkhuizen út Makkum, wie it in spesjale opdracht. Sy diene al it ûnderhâld oan de hjoeddeistige wettertaksys fan rederij Wagenborg, mar dit wie de earste kear dat se der sels ien bouwe. By de werf meitsje se oars lúkse jachten. "Het totale traject heeft 9 maanden geduurd. Dat was wel krap. Vaak konden leveranciers ons tempo niet bijhouden", seit werfeigener Ronald van Enkhuizen. "Er moet ook nog wel wat gebeuren, maar vrijdag is hij er klaar voor." Sa moatte de stuollen noch yn de boat, en ek de stjoerhutte moat noch ynrjochte wurde. Trochdat der noch in soad iis leit, wurdt de boat freed net te wetter litten. Wol wurdt dan bekend wat de namme is. "Dat houden we nu nog even geheim. Dat is traditie in de scheepvaart".
Der kinne 48 minsken mei op it skip, wylst dat der no noch mar tolve binne. De oertocht kin daliks yn tweintich minuten dien wurde. Tegearre mei Arriva is rederij Wagenborg dwaande om derfoar te soargjen dat minsken yn in oere út Ljouwert wei op It Amelân stean. As de nije wettertaksy yn de praktyk goed foldocht, komt der nei alle gedachten takom jier in twadde by. Dy sil dan ek yn Makkum boud wurde.