Grutte Ljouwerter slachterij yn gebrûk naam

© ANP
Fleisferwurker Vion Food hat woansdei yn Ljouwert syn nije slachterij foar kij yn gebrûk naam. It bedriuw hat hast tweintich miljoen euro yn de slachterij ynvestearre. Dêrmei is it ien fan de grutste slachterijbedriuwen yn Europa. Op termyn moatte sa'n 2500 kij yn de wike slachte wurde.
Der wurkje no noch 45 minsken yn de Ljouwerter slachterij, mar dat moatte der op termyn hûndert wurde. Der is tsien moannen lang oan de bou fan de slachterij wurke.