LIVE: IepenUP oer polarisaasje en humor

28 feb 2018 - 18:11

Is humor in effektyf middel tsjin haat? Kinst polarisaasje ûntregelje mei humor? Dat binne fragen dy't dizze wike sintraal steane yn IepenUP oer: Humor vs haat yn Europa. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.

Pynlike kwestjes

Te gast is ûnder oaren keunstner en rasprovokateur Katinka Simonse oftewol LoooveTinkebell. Sy wit goed hoe't se pynlike kwestjes kreëarje moat. Earder makke sy al ris in tas fan har kat, wêr't in soad oer te dwaan wie. Ek aksjegroep Fossil Free Culture NL komt del om te fertellen oer wat harren optredens, wêrmei't se de lanlike parse hellen, dien hawwe tsjin Shell yn it Van Gogh Museum. Dêrneist fertelle tal fan keunstners harren ferhaal oer hoe't sy mei humoristyske aksjes konflikten bestride en dogge wy in stapke werom yn de tiid mei fideomateriaal fan Chaplin en Marx Brothers.

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.
 

Trefwurden: 
IepenUP polarisaasje
(advertinsje)