Nimt SC Hearrenfean ôfskied fan trainer Jurgen Streppel?

It liket der hieltyd mear op dat SC Hearrenfean oan de ein fan dit seizoen ôfskie nimt fan trainer Jurgen Streppel. It twajierrige kontrakt fan Streppel rint oan de ein fan dit seizoen ôf, mar de trainer stiet der fral by de achterban net al te goed op. Op koarte termyn sil de klup bekend meitsje dat it kontrakt fan de trainer net ferlinge wurde sil. Dat nijs hinget fan in pear saken ôf.
Gerry Hamstra
Alderearst wol Hearrenfean it kontrakt fan technysk direkteur Gerry Hamstra ferlingje. It kontrakt fan Hamstra rint noch ien jier troch, dochs wurdt dat iepen brutsen. Opfallend, omdat Hamstra net útblinkt yn geweldich prestearjen. It fuotbal is min en dêr is Hamstra as gearstaller fan de seleksje mei ferantwurdlik foar. En de spilers dy't er helle hat, fan Hoegh oant Mihajlovic, fan Rojas oant Woudenberg, is 'pure middelmaat'. De measten sitte op de bank. De iennichste oankeap dy't wol foldocht, is Denzel Dumfries. Mar dêr hie de folsleine skouting ek grien ljocht foar jûn.
Ek wol Hamstra earst noch mei Hans Westerhof prate. Westerhof sit yn 'e Rie fan Kommissarissen en wie de ôfrûne dagen yn Meksiko. No't Westerhof wer werom is, sil it beslút oer Streppel net lang mear duorje.
Prestaasjes falle ôf
Jurgen Streppel stiet foar oanfallend fuotbal, mar it Abe Lenstrastadion sit alle wiken minder fol. Blykber sprekt it fuotbal dat Streppel spilet net oan by de achterban. De fuotballers wurde ek net better ûnder dizze trainer. In fuotballer as Martin Odegaard, dy't hierd wurdt fan Real Madrid, soe alle wiken dochs bepalend wêze moatte. Mar it liket wol oft er alle wiken minder wurdt. SC Hearrenfean stiet op it stuit op in njoggende plak mei like folle punten as VVV en Excelsior. Mei dizze seleksje sit der folle mear yn.
Unfrede by achterban
De ûnfrede ûnder de achterban wurdt hieltyd grutter. De supportersferiening NieuwNoord is ferline wike mei in statement nei bûten kaam. Ek sy binne net te sprekken oer de resultaten en binne wol klear mei Streppel. De supporters nimme fansels net de beslissing oer de takomst fan de trainer, mar it is wol in hiel dúdlik sinjaal.
Nije trainer
Binnen de earedifyzje komme in oantal trainers frij. Sawol John Stegeman fan Heracles Almelo as Maurice Steijn fan VVV ha sjen litten dat se mei beheinde finansjele middelen hiele aardige resultaten helje kinne. In oare namme dy't neamd wurdt, is Jaap Stam.
Takomst Streppel
Streppel hat ferline seizoen de play offs foar dielname oan Europeesk fuotbal helle. Dêrmei hat hy foldien oan de doelstelling. Dat is ek dit jier wer de doelstelling, mar dat wurdt noch in lestige put. Mar as it him slagget dan hat hy oan de doelstellings foldien. Neffens de krante De Gelderlander is Streppel kandidaat by Vitesse as opfolger fan Henk Fräser. Al is hy dêr net de topkandidaat. Dat is de Rus Leonid Sloetski. Sloetski waard ferskate kearen kampioen mei CSKA Moskou. Ek Jaap Stam wurdt dêr neamd, mar de finansjele salariseasken soenen in obstakel wêze kinne. Dat is mei Jurgen Streppel folle minder in probleem.