Teams geane op paad om guozzen fan it lân te ferjeien

28 feb 2018 - 11:54

Fan tongersdei ôf sille yn Fryslân spesjale teams op 'en paad om guozzen te ferjeien. De ferjeiteams fan de wyldbehearsienheden stypje boeren by it ferjeien fan guozzen fan harren lân. De teams binne oant 1 juny aktyf. Troch de guozzen fuort te jeien, kinne se minder skea oan de lânbougewaaksen oanrjochtsje. De teams meie ek guozzen ôfsjitte. De guozzen wurde nei gebieten stjoerd wêr't se foerazjearje kinne.

''Provinsjale Steaten diene de suggestje om as oanfolling op reguliere jagers ek mobile ferjeiteams yn te setten. Dat idee hawwe wy fierder stal jûn. De ferjeiteams binne in moaie gearwurking tusken boeren en jagers. Allinne mei in mienskiplike ynspanning slagget it om de skea dy't feroarsake wurdt troch guozzen te beheinen'', seit deputearre Johannes Kramer.

(advertinsje)