It is glûpende kâld op de iisbaan yn Wurdum-Swichum

28 feb 2018 - 13:45

De earste iisbanen binne woansdei iepen. In stik as tsien klups ha de stekken iepensmiten. De measten binne allinnich foar bern berydber, mar in pear litte ek folwoeksenen ta. Ien dêrfan is de baan yn Wurdum-Swichum. Ferslachjouwer Simone Scheffer wie dêr. "It is glûpende kâld en it waait hurd." Se seach trije minsken riden en ien wie ek mei in fyts op it iis en der wie ek in ynsidint.

By it snieskowen sakke de feimasine troch it iis. "Dat wie op in plak dêr't earder noch in wynwek wie," fertelt Cor Wispelweij. "Daar hadden we even om heen moeten vegen. Met vereende krachten moet het lukken om de machine eruit te trekken," leit Huib-Jan Imbens út. Cor Wispelweij hat alle war dien om de baan berydber te krijen. "De jeugd hat fakânsje en foar har dy't net op wintersport kinne, moast de baan klear. Ik bin sels ek earder weromkaam, want de baan moast iepen."

It wie tusken de middei net sa drok, mar de mannen ferwachtsje yn de jûn mear minsken, de baan hat ferljochting. In pear froulju wienen no te kâld klaaid en komme letter wer. In jonge fertelt dat it iis net hiel goed is. "It is ribbelich troch de snie en hurde wyn."

Ek yn oare plakken binne iisbanen iepen: foar de bern yn Lollum, Heech, Langwar en Wikel. Oaren binne hielendal iepen, sa-as yn Boerum, Raerd, Grou, De Hoeve, Steggerda.

Unbetrouber

It iis bliuwt op in hiel soad plakken noch hieltyd ûnbetrouber. By Earnewâld bygelyks binne woansdei noch in pear minsken troch it iis sakke. Fice-foarsitter fan de iisklup Geert Kleinhuis seit dat de kâns ek hiel lyts is dat de toertocht op de Jan Durkspolder dizze winter hâlden wurde kin. It iis is op in hiel soad plakken net dik genôch.
 

Trefwurden: 
iisbaan reedride Wurdum Swichum
(advertinsje)