Seinpealdún op Skylge krijt ynformaasjepunt

De dunen by Hoarne © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Seinpealdún op Skylge kin fierder ûntwikkele wurde. It projekt krijt 123.000 euro fan it Waadfûns. Dat ferdielt yn totaal 1,9 miljoen euro oer seis duorsume rekreaasje- en toerismeprojekten yn it Waadgebiet. It dún, dat ek wol it moaiste útsjochpunt fan it Waadgebiet neamd wurdt, moat fierder ûntwikkele wurde. Sa moat der in ynformaasjepunt mei bankjes komme.
It dún is earder al better tagonklik makke foar minsken yn in rolstoel.