It iis op? Op dizze banen yn Fryslân giet it oan

02 mrt 2018 - 17:10

Hasto de redens al út it fet en kinst net wachtsje oant datst it iis op kinst? Dan hawwe wy goed nijs foar dy! Der binne al ferskate plakken yn Fryslân dêr'tst it iis op kinst. Op dizze kaart sjochst in oersjoch mei Fryske iisbanen en links nei aktuele ynformaasje op Facebook of de webside fan de iisbaan. In soad reedryd-wille tawinske!

Hasto in korreksje of mear ynformaasje oer de status fan in baan foar ús? Of stiet dyn baan der noch net by? Lit it ús witte fia it kontaktformulier!

Grien= iisbaan iepen
Read= iisbaan ticht
Blau= gjin ynformaasje bekend
 

(advertinsje)