Doeksen past boattiden Skylge oan om lege wetterstân

28 feb 2018 - 10:46

Yn ferbân mei de ekstreem lege wetterstân dy't tongersdei ferwachte wurdt, sil de feartsjinst Harns en Skylge op oanpaste tiden farre. It skip ms Friesland giet in healoere earder fuort fan Skylge, dus om 6.30 oere. Dat is ek it gefal mei de fearboat dy't om kertier foar tsienen fan Harns nei Skylge giet, dy fart dus ek in healoere earder.

De feartsjinst fan Skylge nei Harns fan healwei ienen fart no al om 11.00 oere. De boat fan Harns nei Skylge fan 15.00 oere middeis, giet in healoere letter fuort. De sneltsjinst fart wol neffens de gewoane tsjinstregeling.

(advertinsje)