Slachterij Storteboom mei ûnder betingst wer iepen

28 feb 2018 - 10:33

Slachterij Storteboom yn Kornhorn mei ûnder betingsten wer iepen. It fabryk gie op slot, nei't snein by in hinnebedriuw yn Oldekerk fûgelgryp ûntdutsen wie. By Storteboom mei no allinnich plomfee fan bûten it fûgelgrypgebiet fia in spesjale rûte oanfierd wurde en moatte de bisten noch deselde dei slachte wurde.

De fûgelgryp is neffens de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit net op oare bedriuwen oantroffen.

(advertinsje)